Rjochtsaak tsjin Kallemooifeest op Skier takom wike yn Grins

07 feb 2019 - 13:55

De rjochtsaak oer it Kallemooifeest op Skiermûntseach is kommende tiisdei. It Comité Dierennoodhulp giet yn berop tsjin boargemaster Ineke van Gent fan it eilân. Sy ferliende yn maaie ferline jier in fergunning foar it feest, wêrby't in hoanne trije dagen opsletten wurdt yn in koer op 18 meter hichte.

Foto: Omrop Fryslân

It giet it komitee, nei eigen sizzen net allinnich om it wolwêzen fan de hoanne, mar ek om it minne foarbyld dat it festival jout. Neffens it komitee liket it no as oft minsken foar eigen fermaak mar dwaan kinne wat se wolle. "Het gebruik van dieren voor traditionele feesten en evenementen is echt niet meer van deze tijd", seit Sandra van de Werd fan it komitee.

(Advertinsje)
(Advertinsje)