Rjochter fynt ferhaal fan fertochte yn saak Heech 'kurieus'

07 feb 2019 - 13:50

It ferhaal fan de 53-jierrige man fan De Jouwer, dy't fertocht wurdt fan it fermoardzjen fan accountant Hans Boschma, is kurieus. Dat sei de rjochter tongersdeitemoarn yn de Ljouwerter rjochtbank, dêr't de saak tsjinnet. De 53-jierrige Jouster fertelde syn ferhaal en joech as reden foar it ombringen fan de 56-jierrige accountant út Heech dat it gean soe om needwar.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Boschma soe de fertochte as earste oanfallen hawwe en besocht hawwe om de Jouster te smoaren. De rjochter set dêr syn fraachtekens by. Hoe kin it dat it Boschma swart foar de eagen waard en hy besocht de fertochte te smoaren, wylst elkenien de accountant beskriuwt as in kalme man, dy't net bekend stiet as agressyf, frege de rjochter him lûdop ôf.

Twivels oer de mail

Ek binne der twivels oer de mail dy't Boschma krekt foar syn dea stjoerd hat. Dêryn stiet it folgjende: 'Er komt een nabetaling aan van de erfenis van je vader, omdat ik je niet correct heb behandeld. De helft daarvan moet naar meneer O. (fertochte, red.) omdat ik hem onheus heb behandeld'.

De rjochter hat syn twivels oer wa't de mail krekt stjoerd hat. Neffens de fertochte wie it Boschma sels. Neffens saakkundigen kin steld wurde op grûn fan it wurdgebrûk dat Boschma dy mail nei alle gedachten net stjoerd hat, mar dat de fertochte dêr mooglik achter sit.

Bekendmakking eask

Tongersdeitemiddei komt de Offisier fan justysje oan it wurd en wurdt ek de eask bekend makke.

Folgje de rjochtsaak fia de liveblog

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust sit yn de rjochtseal en docht live ferslach oer de gong fan saken. Folgje hjir de liveblog.

Auke Zeldenrust oer de moardsaak Heech

(Advertinsje)
(Advertinsje)