Tsjinstanners sânwinning bliid mei beslút FNP: "Mar it is noch net klear"

07 feb 2019 - 12:59

Blydskip by de tsjinstanners fan sânwinning yn de Iselmar nei't woansdei bekend waard dat de FNP yn gemeente De Fryske Marren tsjin de plannen foar sânwinning stimme sil. Blydskip mar ek wach wêze. Gerrit Schraa fan de aksjegroep hâldt noch altyd in slach om 'e earm: "It is noch net klear."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Wy litte ús net yn sliep susse, wy bliuwe by de les.

Tsjinstanner Gerrit Schraa

By Schraa kaam it nijs woansdeitejûn as in totale ferrassing. "Wy hiene wol hope dat it goed komme soe, mar ik hie net ferwachte dat de FNP der no al in parseberjocht útdwaan soe." Dochs giet de flagge noch net út by de aksjegroep. "It is noch net klear", warskôget Schraa. "Wy binne der woansdei wer by as de offisjele stimming is. 'Prijs de dag niet voor het avond is', sa bin ik grutbrocht. Wy litte ús net yn sliep susse, wy bliuwe by de les. Net te betiid juiche."

Tsjinstanner Gerrit Schraa

Ek ferslachjouwer Wytse Velling is net alhiel oertsjûge dat mei de 'nee' fan de FNP definityf it doek falt foar it projekt om sân te winnen yn de Iselmar. "Wy ha al faker sjoen dat der ferrassende saken gebeure yn dizze saak. Earder al soe der in beslút naam wurde, dat doe útsteld waard. It is pas echt dúdlik as der takom wike stimd wurdt. En ek dêrnei is it noch net hûndert prosint wis. De minister kin sa'n beslút noch 'oerrule'."

Wytse Vellinga oer de sânwinsituaasje

Mooglike skea-claim

Op de fraach oft it bedriuw Royal Smals noch yn aksje komme kin, is net in pasklear antwurd te jaan. "In skea-claim leit mear foar de hân. Der binne al hiel wat kosten makke om dit plan foar elkoar te krijen. Bygelyks doe't it bedriuw meibetelle hat oan it fuortheljen fan in fleantúch op it plak dêr't it sân weihelle wurde soe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)