Stoomtrein no offisjeel fallyt

09 nov 2011 - 16:10

De Ljouwerter rjochtbank hat woansdeitemiddei it fallisemint útsprutsen fan de stichting Friese Stoomtrein Maatschappij. Advokaat Robert Verdonk fan It Hearrenfean is ta kurator beneamd. Hy kin op dit stuit noch neat oer de saak sizze. Der moatte noch petearen mei alle belutsenen komme.

Ferline wike waard bekend dat de Friese Stoomtrein Maatschappij it fallisemint al oanfrege. De finansjele problemen wiene troch tsjinfallers te grut wurden. Boubedriuw Friso en spoarûndernimmer VolkerRail hiene al maatregels nommen omdat sy har jild net krigen fan de stichting. Friso hie omheinings setten om de te bouwen remise fan de stoomtrein en VolkerRail helle rails fuort by Starum. De provinsje hat 1,85 miljoen euro yn it projekt ynvestearre, de gemeente Súdwest-Fryslân hast 4 ton. It is noch net dúdlik oft de oerheden it jild definityf kwyt binne.

(advertinsje)