Gearwurking foar Maritime technyk
ROC de Friese Poort, de NHL Hegeskoalle en ferskate maritime bedriuwen hawwe woansdei in oerienkomst tekene om gear te wurkjen by opliedings. Bouwers fan skippen en ûntwikkelders fan motoren hawwe bot ferlet fan goed oplaat personiel.
Doel is dat de brânsj meitinkt oer de krekte learstof fan in oplieding. De oplieding Maritime technyk op ROC Friese Poort is in foarbyld fan de gearwurking. Sa'n 40 learlingen binne dit jier mei dizze stúdzje begûn.