Riemer van der Velde teloarsteld oer ferhaal Gerry Hamstra yn VI

07 feb 2019 - 10:27

Riemer van der Velde is fernuvere oer de útspraken fan Gerry Hamstra yn fuotbalblêd Voetbal International. Dêryn seit de technysk manager fan SC Hearrenfean dat hy twa jier lyn Van der Velde frege hat om him te helpen, mar dat Van der Velde dat net woe. Neffens Van der Velde is dat in ûnsinferhaal. "Dêr bin ik teloarsteld oer."

âld foarsitter SC Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân

Hamstra fertelt yn it fuotbalblêd it folgjende: "Toen ik bij sc Heerenveen begon ben ik bij hem langs geweest en heb ik hem gevraagd wat hij voor Heerenveen zou kunnen doen, omdat ik dacht én denk dat hij de club enorm kan helpen. Wel heb ik toen gezegd dat ik wel mijn eigen beslissingen wilde kunnen nemen. Hij moest daarover nadenken en heeft uiteindelijk 'nee' gezegd."

Van der Velde is ferbjustere oer de útlittings fan Hamstra. "Ik ha mei ferbjustering kennis naam fan syn útspraken. Hy (Hamstra, red.) hat ien kear by my op besite west en hat doe oanjûn dat er syn eigen gong gean wol. Dat hy net langer gebrûk fan my meitsje wol as skout of as adviseur. Ik ha doe oanjûn dat ik dêr begrip foar ha dat hy syn eigen keuzes makket. Hy is úteinlik de nije man. Mar dan no, hast trije jier nei datum, sa'n ûnsinferhaal hâlde, dêr bin ik teloarsteld oer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)