Hjoed Ekstra: Poepjes wol gau begjinne mei oanlis As

09 nov 2011 - 12:57

De positive útspraak fan de Ried fan Steat oer de Sintrale As betsjut dat de nije dyk no mei faasje oanlein wurde kin. Dat seit deputearre Poepjes. Maitiid takom jier wurdt by Garyp mei de rûnwei begûn.

Yn de hjerst begjint de oanlis fan it noardlike part fan de nije dyk by Dokkum. Yn 2015 moat de hiele Sintrale As klear wêze. Woansdeitemoarn kaam de útspraak fan de Ried fan Steat yn in saak dy't oanspand wie troch it Fryske Gea en in tal oare beswiermakkers. De steatsried hat harren op net ien punt gelyk jûn. Deputearre Poepjes is hiel bliid mei dy útspraak. Neffens har binne de plannen foar de Sintrale As op demokratyske wize ta stân kaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)