Preemje De Friesland 3 euro heger
De basispreemje fan soarchfersekerder De Friesland giet takom jier mei trije euro de moanne omheech. Dêrmei komt it bedrach út op 106 euro en 90 sint. De soarchfersekerder is mei dit bedrach ien fan de leechste oanbieders dy't oant no ta bekend binne.
De preemje giet dan wol net folle omheech, it bedrach fan it wetlik eigen risiko giet wol omheech fan 170 nei 220 euro yn 't jier. De ferheging is neffens De Friesland nedich, omdat de soarchkosten hieltyd heger wurde. Boppedat moatte de soarchfersekerders foldwaan oan hieltyd strangere finansjele easken fan de Nederlânske Bank.