Fryske Gea akseptearret útspraak

09 nov 2011 - 12:28

It Fryske Gea sjocht himsels net as ferliezer, no't de Ried fan Steat alle beswieren tsjin de Sintrale As fan tafel fage hat. Neffens direkteur Hosper wol it Gea no mei de provinsje om de tafel om de nije dyk sa goed mooglik oan te lizzen en de skea foar de natuer te beheinen.

Hosper fynt it goed dat der no dúdlikheid is oer de nije dyk. Neffens him is it wol fan belang dat der in nije ferbining komt, allinnich hie it Fryske Gea graach in oare fariant hawwe wollen. Direkteur Hosper nimt meikoarten ôfskied as direkteur. Hosper fynt dat it goed is dat syn opfolger net fuortendaliks mei it dossier fan de Sintrale As oan de slach hoecht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)