Undernimmers bliid mei Sintrale As

09 nov 2011 - 12:17
Foto: Omrop Fryslân

De útspraak fan de Ried fan Steat oer de sintrale as is geweldich nijs foar Noardeast-Fryslân. Dat seit Pieter Willem Meinema fan de 'Freonen fan de Sintrale As'.

Hy fertsjintwurdiget in grut oantal ûndernimmers en organisaasjes dy't foar de komst fan de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea binne. Meinema tinkt dat de oanlis fan de nije dyk hiel goed is foar bygelyks de transportbedriuwen yn de regio. Ek wurdt it makliker om yn bygelyks Dokkum te wenjen en yn Drachten of It Hearrenfean te wurkjen. Fierder tinkt Meinema dat de dyk goed wêze sil foar de ferkearsfeiligens. Om ien oere komt in oantal ûndernimmers noch byelkoar, om de foar har positive útspraak te fieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)