Liveblog | 7 febrewaris 2019

LIVEBLOG: Jouster foar de rjochter foar deadzjen Hans Boschma

De rjochtsaak tsjin de 53-jierrige Jouster, dy't derfan fertocht wurdt dat er de accountant út Heech (56) om it libben brocht hat.
Lêst bywurke: 8 febrewaris 2019, 08:40
15:21

Eask

De offisier fan justysje neamt it ferhaal fan de fertochte net oannimik. De offisier seit dat de die op selsmoard lykje moast mar neffens him is dúdlik dat de Jouster it dien hat. De eask is 16 jier.
15:09

Ferhearen

Fertochte is njoggen kear heard troch de plysje. De earste seis kear ûntkent de Jouster dat hy yn Heech west hat. Hy swart dat op syn bern. Dochs wiist alles derop dat hy wol op 6 febrewaris 2018 yn Heech west hat. Dêrnei bekent hy dat hy wat te krijen hat mei de dea fan Hans Boschma.
15:03

Twadde fertochte

De oare fertochte yn dizze saak, de eks-skoansoan fan de Jouster, is yn april ferline jier frijlitten. Oft dêr noch in rjochtssaak fan komt, wurdt earst nei dizze saak dúdlik.
14:41

Rekwisitoar

Offisier fan justysje Eelco Jepkema krijt it wurd en komt aanst mei de eask. Neffens him is Boschma troch wurgjen mei in stik tou fan goed fiif meter om it libben brocht. "Dat touw was niet van Boschma. Hans had geen touw in huis, hij kan nog geen schoenveters vastknopen."
13:51

Shockskea

De advokaat fan de famylje easket skeafergoeding fan de fertochte. It giet om 17.000 euro. It bedrach dat oermakke is op de bewuste dei fan 6 febrewaris. Fierder giet it om 20.000 euro foar de begraffenis en it grêfmonumint en 15.000 euro shockskea foar de suster, dy't har broer dea fûn hat. Se hat dêrtroch posttraumatysk stress-syndroom oprûn.
13:39

Slachtofferferklearring

Ien fan de famyljeleden fan it slachtoffer komt oan it wurd: "Werk was alles voor Hans. Hans ging voor de mens en niet het uiterlijk. Zijn bedrijf zou in 2018 exact 25 jaar bestaan. Dat heeft hij niet gehaald. We missen het delen van dingen met Hans. Rouw is nog niet mogelijk, alles is ons ontnomen. Hans heeft geen schijn van kans gehad. Eerst werd ons verteld dat het zelfmoord was maar wij wisten dat dat niet zo was. Pas een maand later vertelde de politie dat hij omgebracht was. Ik ben boos en verdrietig. We zullen nooit meer compleet zijn, Wij hebben levenslang en ik wil dat de verdachte ook levenslang krijgt."