Auto botst op bus fan Arriva yn Sint-Anne

Op de Van Harenstrjitte yn Sint-Anne is woansdeitejûn in auto op in streekbus fan Arriva botst. Om't yn earste ynstânsje tocht waard dat in slachtoffer beknypt rekke wie, kamen de helptsjinsten manmachtich yn aksje. De automobilist is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele en meinaam nei it sikehûs.
© SR Fotografie
De bestjoerder fan de auto is nei alle gedachten net goed wurden en dêrnei tsjin de sydkant fan de bus botst. De bus en de auto rekken skansearre en moasten fuortsleept wurde. Yn de bus sieten passazjiers, dy't mei de skrik frijkamen. De reizgers binne mei in oare bus nei harren bestimming brocht.