Kollum: "Rails"
"It skynt in feestje west te wêzen. Ofrûne wykein gie der in trein fan Grins nei Amsterdam yn de rekôrtiid fan ien oere en fyftich minuten. Jawol: tsien minuten tiidwinst! Oan board wie dan ek in fanfareorkest en fansels bobo's. Dat wiene ProRail-topman Pier Eringa, NS-topman Roger van Boxtel en boargemaster fan Grins Peter den Oudsten. Allegear om in nij plan krêft by te setten om de spoarferbining nei it noarden op te wurdearjen. De jenever kaam der by doe't de trein nei Swolle de mind blowing snelheid fan 167 kilometer yn it oere oantikke.
No kinne wy wol skeptysk dwaan oer de prestaasje fan tsien minuten tiidwinst en dat is presys wat ik no dwaan sil. Want allemachtich, ik ha anno no in kompjûter yn myn bûse dy't hast tûzen kear flugger is as de earste kompjûter. Ik kin à la minute in foto meitsje, dy't in pear milisekonden letter oeral op 'e wrâld te sjen is. En dat auto's harren sels ynparkeare kinne, dêr sjogge wy al tsien jier net mear fan op. Mar as ik mei it iepenbier ferfier fan myn hûs nei dat fan myn âlden wol, doch ik dêr trije-en-in-heal oant mear as fjouwer oeren oer. En jûns nei acht oere hoech ik it net iens mear te probearjen, want dan kin it domwei net mear. It is 130 kilometer; omrekkene giet dat dus mei 33 kilometer yn 'e oere.
Woansdei presintearre steatssekretaris Van Veldhoven har plan Toekomstbeeld Openbaar Vervoer 2040. Kearn dêrfan is in metroachtich netwurk tusken njoggen grutte stêden yn Nederlân. Meast noardlike dêrfan is Swolle. Der is noch in haadstikje bestege oan 'economische kerngebieden', en dan docht Grins wol mei. Mar yn Fryslân is hielendal neat. Der wurdt spekulearre oer in sweeftrein en de hyperloop, mar dat it haadstik ôfslút mei dit sintsje: 'onduidelijk of ze in Nederland tot een goede businesscase kunnen komen; als dat zo is, dan spelen we er op in' seit wol genôch. Bedankt.
Plannen hawwe der genôch west. De Zuiderzeelijn, in magneetsweefbaan, in Noordelijke HSL, en wa ken 'm net de Superbus fan wilen Wubbo Ockels werinnerje. Gong allegear net troch. De grutte railsprojekten dy't in pear desennia lyn start binne, sa as de HSL, de Betuwelijn en de Amsterdamse Noordzuidlijn, rûnen finansjeel sa bot út 'e hân, dat gjin inkelde bestjoerder mear spoarrails oan doarde te reitsjen. En moast dy happy Amsterdammers no ris sjen, mei harren metro fan binnen de ring nei binnen de ring. De ambysjes wiene grutter: nei Zaandam der mei en nei Schiphol, and beyond. Mar nee.
Ik spruts mei in sjoernalist, dy't in protte oer Amsterdam Noord en ynfrastruktuer skreaun hat. En hy sei dat as jo in metrolijn oanlizze, it in garânsje is foar sukses foar alles wat dêr by yn 'e buert leit. "Let mar op", sei er, "oer in pear jier is Amsterdam Noord by de Noordzuidlijn kompleet transformearre." Dat barde ek mei de Oostlijn, nei de Bijlmer. It hat even duorre, mar dan krigest ek wat. Dus dat Fryslân no bûten de plannen bliuwt, kin ek betsjutte dat se der nea yn komt.
Wat betreft rails rjochting it noarden bliuwt it stil. Gjin rappe ferbining. Yn it westen is de wenningmerk yntusken sa gleon, dat se it op De Lemmer al merke. De files berikke dit jier rekôrlingtes. En al dat ekstra asfalt dat yn 'e krisis oanlein is, hat amper ferskil makke. Omdat de kar tusken de auto en de trein yn in protte gefallen gewoan in no-brainer is. Bring my yn in oere fan Amsterdam nei Grins, ja, dan ha wy it oer wat oars. En dan ek noch graach yn in fergelykbere tiid nei Ljouwert; dy boemel nei Snits kin ik dêrnei noch wol oan. Dan komme we yn 'e buert fan de snelheid fan de auto.
Der wenje hast twa kear safolle minsken yn Nederlân, mar ús spoarlinen lizze gruttendiels noch op itselde plak as wêr't se leine doe't de earste kompjûter ferkocht waard. Ek yn 1950 wiest fanút Skearnegoutum earder mei de auto yn Amsterdam, as yn 2019 mei it iepenbier ferfier. Kin dy suksesfolle klup dy't fan Ljouwert in kulturele haadstêd makke hat net wer byinoar komme? Om efkes wat rappe rails foar Fryslân te regeljen?
De feest-intercity fan ôfrûn wykein kaam dy tsien minuten earder oan op Amsterdam Zuid, trouwens. It is fan dêr ôf nei Amsterdam Centraal mei de Noordzuidlijn noch tsien minuten."