Crone docht oprop oan besikers yntocht Sint Piter: "Ga niet in de loopgraven zitten"

Boargemaster Ferd Crone docht in oprop oan sawol de foar -as tsjinstanners fan Swarte Pyt om de yntocht fan Sint Piter sneon fredich ferrinne te litten. Dat sei Crone woansdeitejûn op in besletten gearkomste foar ynwenners fan Grou. De boargemaster fan de gemeente Ljouwert wiist nei alle gedachten tongersdei in plak oan yn Grou dêr't de aksjefierders fan Kick Out Swarte Pyt (KOSP) demonstrearje kinne by de yntocht fan Sint Piter.
Sint Piter yn Grou © ANP
Op de gearkomste woansdeitejûn wiene sa'n tachtich Grousters oanwêzich. De reden foar de besletten gearkomste is om't Crone woe dat Grousters frijút prate koene. "Ik ben heel blij dat we dit hebben gedaan, want nu kunnen de Grousters zelf zeggen wat ze er van vinden", sei Crone nei ôfrin. "Het is al 115 jaar lang hun feest. Dat is prioriteit nummer 1: het kinderfeest moet slagen."

Plak sykje

Wat krekt it plak foar de demonstranten wie ien fan de punten op de aginda fan de besletten byienkomst. Ek dêr mochten de Grousters oer meitinke. Mar maklik is it net om in geskikt plak te finen, wit ek Crone. "Het is heel moeilijk om hier een plek te vinden die aan alle eisen voldoet. Dat snappen de demonstranten ook. Die willen echt het feest niet verstoren, want daarmee verspelen ze goodwill. Men erkent ook hier: het demonstratierecht is een groot goed."

Net fersteure

Ut de seal kaam dúdlik it lûd nei foarren dat Grousters net wolle dat it feest fersteurd wurdt troch minsken fan bûten it doarp. Dat is dan ek de oprop fan Crone: "Ga niet van twee kanten in de loopgraven zitten. Je mag demonstreren, maar houdt het vredig. Dat geldt voor beide kanten."

Swarte Pite-diskusje

In soad Grousters snappe de opskuor oangeande de hiele swarte pite-diskusje net. "Wy ha mar ien Swarte Pyt, mear binne der net nedich hjir. Diskriminaasje hat der hielendal neat mei te krijen", sei ien fan de oanwêzigen. "Ik begryp net dat minsken dêr mei sitte. Ik ha der nea oer prakkesearre dat it wat mei slavernij te krijen hat."

Ofspraken meitsje

Boargemaster Crone hat de ôfrûne dagen besocht om de demonstraasje foar te kommen, troch ôfspraken te meitsjen tusken de protestearjende groep en it komitee dat de yntocht fan Sint Piter organisearret, mar dat is net slagge.
Ferd Crone oer de byienkomst yn Grou