170 boskwachters nei Skier om kontenerrommel op te romjen

Goed 170 boskwachters sille tongersdei de rommel út de konteners fan kontenerskip MSC Zoe op Skiermûntseach opromje. In hiel soad rommel is yntusken al opromme, mar benammen op it rûgere terrein leit noch altyd guod. Op de oprop om mei te helpen om dit op te romjen, waard massaal reagearre troch de boskwachters. "It hiene der wol 300 wêze kinnen", fertelt ferslachjouwer Remco de Vries.
170 boskwachters nei Skier
De 170 boskwachters gean yn fiif groepen oan it wurk fan 08.00 oere ôf oant 15.00 oere. Marc van den Tweel, direkteur fan Natuurmonumenten, is der ek by.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Njonken boswachters dogge der ek frijwilligers en kantoarpersoaniel mei oan de grutte opromaksje. It strân is earder troch frijwilligers en it leger skjinmakke, doe't it measte kontenerguod oanspielde.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries

Noch altyd net alles opromme

Earder stutsen ferskate boskwachters al de hannen út de mouwen op Skylge en Flylân om dêr de kontenerrommel op te romjen. "Wa't tinkt dat alle rommel yntusken opromme is, hat it mis", seit Remco mei klam. It leit noch oeral. En benammen ek yn de Noardsee. "Fiskers hawwe noch altyd lêst fan de rommel út de konteners."
© Omrop Fryslân, Remco de Vries

Undersyk troch de polityk

Woansdei die bliken dat der nochris 60 ekstra konteners fan kontenerskip MSC Zoe fallen binne. Yn plak fan 291 konteners giet it om yn elk gefal 345 konteners, berekkene de rederij MSC. Dat soarget foar lilke reaksjes, ûnder oare yn de Twadde Keamer. De polityk sil ûndersyk dwaan nei de kontenerramp en wol mei de belutsen ministers prate oer wat der dien wurde kin om sokke rampen yn de takomst foar te kommen.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Remco de Vries leit út wat der krekt barre sil