Learlingen Drachtster middelbere skoallen dogge mei oan 'milieuspijbelen'

07 feb 2019 - 07:33

Learlingen fan it CSG Liudger yn Drachten en it Drachtster Lyceum dogge tongersdei mei oan de lanlike klimaatstaking. Se gean tongersdeitemoarn tusken tsien oere en twa oere middeis net nei skoalle, mar gean mei har allen it sintrum yn. De aksje begjint by it CSG Liudger oan de Raai en giet dêrnei fierder nei it winkelsintrum fan Drachten. Oan it ein fan de aksje wurdt by it gemeentehûs in petysje oerlange.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Mei de petysje wolle de learlingen omtinken freegje foar it belied fan de oerheid op it mêd fan klimaat. It regear soe bygelyks mei heffings op fleis mear ôftwinge moatte.

Eline Osinga is ien fan de inisjatyfnimsters en leit út wêrom't sy demonstrearje wol. "It idee ûntstie yn de 'Aardrijkskundeles', dêr't de dosint fertelde oer klimaatsferoaring en dat wy der wat oan dwaan moatte. Nei Den Haach is sa fier, dus doe tochten wy: dan mar yn Drachten. Wy wolle dat de oerheid mei regels makket foar it klimaat, sadat it hjir oer fyftich jier noch leefber is."

Eline en Joia binne de inisjatyfnimmers

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Net alle learlingen dogge mei. Guon bern meie net meidwaan fan harren âlden, sa as Luka. "Mijn ouders hebben helaas geen toestemming gegeven. Ze zeggen dat ik buiten schooltijden ook wel kan demonstreren, zoals zondag samen met Greenpeace. Mijn ouders vinden dat ik daar geen lessen voor hoef te missen. Ik zou zelf wel mee willen doen, want het gaat wel om onze toekomst. Misschien zijn we niet met een heel grote groep, maar ik denk dat alle kleine beetjes helpen."

Goed sinjaal

De skoalbern ha wol tastimming fan de skoalle. Foar de ûnderwiisynspeksje wurdt in ferslach makke, sadat it as aktiviteit foar skoalle sjoen wurdt. Biologydosinte Marjolein Centen is foarstanner fan de aksje. "Ik sta er heel erg achter. Ik heb ook al mijn leerlingen gezegd dat ze moeten gaan staken. Ik vind het klimaat belangrijker dan het volgen van de lessen. Er wordt nu te weinig gedaan voor het klimaat. Er moet meer gebeuren en dat is een goed signaal om dat door kinderen af te laten geven."

Der binne ek dosinten dy't der oars oer tinke en fine dat de lessen gewoan trochgean moatte.

Net alle learlingen meie meidwaan, sa as Luka

(advertinsje)
(advertinsje)