Nijbou sûnder ôffal by houtseachmûne De Rat yn Drylts

07 feb 2019 - 06:01

Yn 2050 moat Nederlân in saneamde sirkulêre ekonomy wêze. Dat wol sizze in maatskippij sûnder ôffal. Mar wat betsjut dat yn de praktyk? Hoe dogge je dat? By houtseachmûne De Rat yn Drylts wurdt yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân op dit stuit wurke oan in projekt dat folslein yn dat plaatsje past. Ald hout fan in brêge yn Snits, dat oars fuortsmiten wurde soe, wurdt sa ferseage dat it opnij brûkt wurde kin.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It giet om balken fan de brêge by de Wetterpoarte yn Snits. De balken sieten ûnder de brêge om foar te kommen dat de skippen der tsjinoan farre soene. Dy balken moasten ferfongen wurde om't de bûtenkant te bot skansearre wie.

Gewoanwei wurdt dit soart hout ferseage en brûkt as brânhout of giet it nei it stoart. Dat past lykwols net yn de saneamde sirkulêre ekonomy. En dus betocht oannimmer Stienstra-Van der Wal in alternatyf plan.

De houten balken wurde byseage - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Wytse Vellinga

"As je de balken goed besjogge, dan kinne je sjen dat der oan de binnenkant eins neat oan mankearret. It binne hiel grouwe balken fan in hiel hurde houtsoart. En dy binne dan miskien net mear te brûken by de brêge, mar wol foar wat oars", sa seit Van der Wal.

En dy bestimming wie ek al gau fûn. De steger fan houtseachmûne De Rat is ek bot oan fernijing ta en dat kin mei it hout fan de balken. "En dêrmei bliuwt it binnen de gemeente, want net allinnich de brêge is fan de gemeente, mar ek de houtseachmûne en dus de steger."

Troch it hout op dizze wize opnij te brûken, wurdt net allinich ôffal foarkommen, mar is it ek in stik goedkeaper foar de gemeente. Neffens Van der Wal soe dit soart werbrûken folle faker mooglik wêze. "De easken foar bygelyks wâlbeskoeiïng feroarje, wêrtroch't it âlde hout dêr net mear te brûken is, mar op oare plakken seker wol."

De steiger fan de houtseachmûne moat fernijd - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mûnder Simon Jellema fan de houtseachmûne is wiis mei it projekt. "It hout is fan superkwaliteit. Keihurd en dus noch prima te brûken. It wie sels sa hurd dat ien fan de seagen in pear tosken ferlear. Mar ek dy knappe we wol wer op en kinne we wer opnij brûke."

(advertinsje)
(advertinsje)