"Gemeente Ljouwert moat beurs lûke foar kulturele briedplakken"

07 feb 2019 - 00:05

De Westertsjerke, Zalen Schaaf en de Alde Ambachtsskoalle. Dat is in greep út wat de gemeente as mooglike nije kulturele briedplakken yn de stêd Ljouwert sjocht. Troch it kulturele haadstêdjier binne in soad keunstners hjir hinne kommen en wolle hjir ek graach bliuwe, mar se hawwe wol in plak nedich.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Gjin jild

It belied no is dat de gemeente de beurs net lûkt foar kulturele briedplakken. It falt ûnder it belied dat giet oer fêstgoed. Wethâlder fan kultuer Sjoerd Feitsma wol hjir fan ôf. "We snappe ek wol dat we nei 2018 as gemeente mear dwaan moatte. Dêrom wolle we de diskusje oer de kulturele briedplakken keppelje oan de legacy fan 2018." Der is foar it jier 2019 al fiif ton beskikber steld foar legacy, bygelyks foar eveneminten. De diskusje oer briedplakken keppele oan legacy stiet dêr los fan.

Wethâlder Sjoerd Feitsma

"Wat docht Ljouwert foar ús?"

De earste opset fan it plan oer de briedplakken waard woansdei yn de gemeenteried bepraat. De hiele publike tribune siet fol mei keunstners en der wienen tolve ynsprekkers dy't de ried sjen litte woenen hoe belangryk dit is.

Ien fan harren is Adriaan Groffen fan keunstnerskollektyf Heksenhamer. Hy is nei syn stúdzje hjir bleaun en hat de lêste jierren in soad makke, en bydroegen oan it oplibjen fan it kulturele klimaat. "Ik hoop dat Leeuwarden nu wat voor ons wil doen. We willen zo graag een betaalbare structurele plek, want we willen verder. We kunnen nu geen duurzame investeringen doen, omdat we nooit weten hoelang we ergens mogen zitten."

Adriaan Groffen fan keunstnerskollektyf Heksenhamer

Kommende moannen sille de plannen konkreter útwurke wurde, mei ek de finansjele gefolgen. De gemeenteried moat der úteinlik in beslút oer nimme.

Trefwurden: 
Ljouwert kultuer LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)