Friezen ride yn hieltyd âldere auto's

07 feb 2019 - 00:00

It tal persoane-auto's âlder as 15 jier is sûnt 2008 mear as ferdûbele. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Ek yn Fryslân wurde auto's hieltyd âlder.

Foto: Omrop Fryslân

Yn 2018 wie hast 29 prosint fan de auto's yn Fryslân tusken de 15 en 40 jier âld. Yn 2000 wie dat noch gjin 10 prosint. It oandiel groeit dus flink. It giet sels flugger omheech as it oantal oare auto's.

Benammen de auto's dy't tusken de 15 en 25 jier âld binne, de 'jonge youngtimers', binne hieltyd populêrder. Dit komt bygelyks omdat auto's fan dy leeftiid fiskaal ynteressant binne foar ûndernimmers. De bytelling wurdt by dy auto's nammentlik berekkene op basis fan de deiwearde en net op basis fan de priis dy't de nije auto hat, sa as by auto's jonger as 15 jier.

Sûnt 2014 binne auto's âlder as 25 jier net mear frijsteld fan wegebelesting. In auto moat no 40 jier of âlder wêze om dy frijstelling te krijen. Dat is dan ek werom te sjen yn de sifers. Sûnt 2014 giet ek yn Fryslân it tal auto's dat tusken de 25 en 40 jier âld is omleech.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)