Homoseksualiteit noch hieltyd taboe foar measte Fryske jongeren

06 feb 2019 - 22:45

Foar de measte jongeren yn Fryslân is homoseksualiteit noch hieltyd in taboe. Sa fine benammen jonges tusken de 12 en 16 jier it dreech om iepen oer dit ûnderwerp te praten. Homoseksualiteit soe yn prinsipe akseptearre wurde moatte, mar mei benammen net te tichteby yn de eigen rûnte komme, sa is it oardiel. Boppedat bestean by jongeren op it plattelân noch in soad foaroardielen dy't somtiden ta diskriminaasje liede kinne. Famkes stean oer it generaal mear iepen foar akseptaasje fan leeftiidsgenoaten dy't op persoanen fan itselde geslacht falle.

IepenUp Live presintearre woansdeitejûn foar de earste kear foar in breed publyk de Fryske Homonologen. Oant no ta hat dizze rige foarstellingen oer de seksuele identiteit en diversiteit fan jongeren allinnich noch yn besletten rûnte op de skoallen te besjen west. De akteurs en aktrises wisten yn IepenUP Live mei harren spul in soad los te meitsjen by it publyk .

Ynkringend wie ek it relaas fan Frysk CDA-steatelid Teus Dorrepaal. Hy hat in boek skreaun oer syn eigen homoseksuele aard, mei as titel 'Praat er maar niet over'. Dorrepaal fertelde oer de swierrichheden dy't hy yn syn jonge jierren oerwûn hat doe't er as homo út de kast kaam. Mar boppe-al oer de pine dy't hy hjoed-de-dei as kristen ûnderfynt, no't petysjes him de tagong ta de tsjerke hast ûnmooglik meitsje.

Miljeufersmoarging

Nije wike hat IepenUP live alle oandacht foar de 'plastic soup' dy't wrâldwiid ús miljeu bedriget en fersmoarget, troch de kontenerramp mei de MSC Zoe aktueler as ea te foaren. We prate hjiroer mei ûnder oaren boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. Wat binne bygelyks de gefolgen fan dizze ramp foar it Waad? Sjocht sy in oplossing hoe dit probleem oan te pakken. Keunstner Carolien Adriaansche sil sjen litte dat je ek hiel aardige, kreative dingen dwaan kinne mei plestik ôffal.

IepenUP Live is alle woansdeis tusken 20.00 en 21.30 oere te sjen fia de webside fan Omrop Fryslan, Facebook en YouTube.

(advertinsje)
(advertinsje)