Waadferiening ropt minister op ierdgas ûnder de Waadsee sitte te litten

06 feb 2019 - 21:25

De Waadferiening docht mei fjirtich oare organisaasjes de oprop om ierdgas ûnder de Waadsee sitte te litten. De oprop wurdt tongersdei yn Den Haag oanbean oan de Keamerleden dy't mei minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat yn debat sille oer mynbou en gaswinning.

Foto: Remco de Vries

De minister stipet de plannen fan de NAM om noch mear ierdgas ûnder de Waadsee wei te heljen. De Waadferiening hat grutte soargen oer dizze plannen. Neffens de organisaasje soarget de gaswinning foar boaiemdelgong en klimaatferoaring wêrtroch't de seespegel omheech giet.

Frank Peters fan de Waadferiening leit út wat krekt it doel is fan de oprop. "We zijn hiermee begonnen omdat we zien dat er eigenlijk veel te weinig gebeurt om de Waddenzee echt te beschermen. En dat de minister blijft volharden in het juist heel veel doen om aardgas onder de Waddenzee vandaan te blijven halen. Niemand wil meer fossiele brandstoffen gebruiken, dus we moeten er van af."

Peters docht yn de oprop in konkreet foarstel oan de minister. "Investeer nu juist zo veel mogelijk in het mogelijk maken van duurzame energie. Er zijn veel boeren in Noord-Nederland met grote daken waar zonnepanelen op kunnen. Er zijn plannen voor nog meer windparken in de Noordzee. Doe daar meer aan dan je nu doet aan de gaswinning onder een internationaal natuurgebied onder de Waddenzee. Dat is ons voorstel."

De Waadferiening wurdt by de oprop stipe troch ûnder oare ferskate bestjoerders en doarpsbelangen út Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân en ek troch âld-minister fan Ekonomyske Saken Jan Terlouw en fuotbaltrainer Foppe de Haan.

Frank Peters fan de Waadferiening

(advertinsje)
(advertinsje)