FNP yn De Fryske Marren stimt tsjin, sânwinning Iselmar fan 'e baan

06 feb 2019 - 20:53

De FNP yn de gemeente De Fryske Marren sil takom wike woansdei tsjin de komst fan in sânfabryk yn de Iselmar stimme. Dêrmei kin der in streek setten wurde troch de plannen fan it bedriuw Smals út Cuijk, om in sânwinfabryk foar de kust fan Aldemardum del te setten. "Wy kinne de gefolgen fan sânwinning net goed oersjen en deskundigen dy't it plan beoardield hawwe, binne it net mei-inoar iens. Dat is foar ús reden genôch om tsjin te stimmen", seit Jan Volbeda fan de FNP.

Foto: Byld: promofilm Royal Smals

De tsjinstanners fan it fabryk binne benaud foar lûds- en ljochtoerlêst. FNP-fraksjefoarsitter Jan Volbeda seit dat hy en de seis oare FNP-riedsleden alle "ins en outs" ôfwage ha. "It past net op dit plak. It giet om in Natura 2000-gebiet. Dat betsjut: net oan dit plak komme, ôfbliuwe."

Nasjonaal belang

Boppedat set de FNP har fraachtekens by it nasjonaal belang dat sânwinning yn de Iselmar hawwe soe. "Wy binne net oertsjûge fan dat nasjonaal belang dat ús foar eagen hâlden wurdt", seit Volbeda. "As sân fan sa'n grut belang is dat it hjir op sa'n kwetsber plak wûn wurde moat en dêrnei eksploitearre wurdt, dan sette wy ús fraachtekens by it nasjonaal belang." It petear mei de befolking fan ôfrûne moandei spile ek mei by it beslút fan de FNP. Te folle minsken binne negatyf oer de sânwinning, neffens Volbeda.

Te foarbarich

Earder sei minister Cora van Nieuwenhuizen al it beslút fan de ried te respektearjen. Volbeda is der lykwols net gerêst op dat it plan foar sânwinning no folslein skrast wurde sil. "It is noch te foarbarich om te stellen dat de sânwinning definityf fan de baan is. Yn myn belibbing hat de minister net sein dat se nei it beslút fan De Fryske Marren har hannen der ôflûke sil."

Koalysje

It stimgedrach fan de sân riedsleden fan de FNP is krúsjaal. De tsjinstimmers ha no in mearderheid yn de gemeenteried. De FNP folget de opposysje yn de gemeenteried, dy't al earder oanjûn hat tsjin de sânwinning te stimmen. De oare kolleezjepartijen CDA en VVD wiene wol posityf oer de sânwinning. Neffens Volbeda sil dat gjin problemen opsmite yn de koalysje. "Dit is it iennige punt dêr't wy it net mei-inoar iens binne", seit er mei klam.

Jan Volbeda fan de FNP

(advertinsje)
(advertinsje)