Soargen oer ferdwinen kûlizelânskip tusken Marsum en Berltsum

06 feb 2019 - 20:05

De provinsje moat de helpende hân biede om it kûlizelânskip tusken Marsum en Berltsum yn stân te hâlden. Dat fine de Stichting Ringsom Great Terherne en de Kommisje Bûtengebiet Doarpsbelang Bitgum.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Yn fergelyk mei sa'n tweintich jier werom ha eigeners fan grûn in soad sleatten demme en greppels sljochte, wêrtroch't de biodiversiteit yn de omjouwing bot weromrûn is. Stikken lân binne der foar weromkommen.

Nei it opgean fan de gemeente Menameradiel yn Waadhoeke is der noch gjin goed bestimmingsplan, seit Tryntsje de Lang fan Stichting Ringsom Great Terherne. It bestimmingsplan hat op besjen lein mei sa'n fjirtich reaksjes ta gefolch. Mar yn de tuskentiid bart der neat, sa seit frou De Lang.

Se wie woansdei mei Sikke Lautenbach fan de Kommisje Bûtengebiet Doarpsbelang Bitgum op de steatemerk yn it Ljouwerter provinsjehûs en frege dêr om aksje fan de provinsje. Neffens harren moat it bestimmingsplan sa ynklaaid wurde dat de natuer fan it kûlizelânskip behâlden bliuwt.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Ferslachjouwer Andries Bakker wie op de steatemerk yn it Ljouwerter provinsjehûs

(advertinsje)