FIDEO: Homonologen yn IepenUP Live

06 feb 2019 - 19:30

Wannear hast yn de gaten datst fereale bist? Wat no oftst net op famkes falst? Homonologen is de teäterfoarstelling fan Eline Roozeboom en wurdt spile troch seis jonge akteurs. It stik giet oer jong en fereale wêze. Wat as se oan my sjogge dat ik homo of lesbysk bin? Wat as ik it gewoan allegear noch net wit? Fragen dêr't út blykt dat leafde net sa te foarsizzen is, sa't we miskien wol wolle soene.

Njonken de akteurs, regisseur en de skoallen skowe noch mear minsken oan by it petear. Skriuwers Teus Dorrepaal en Mirjam van Tunen sille ek oanwêzich wêze. Dorrepaal skreau it boek Praat er maar niet over oer in homoseksuele kristlike jonge. Van Tunen brocht in boek út oer in kristlike lesbienne. De boeken binne basearre op harren eigen ûnderfiningen.

Foto: IepenUP

IepenUP Live wurdt alle woansdeis tusken 20:00 en 21:30 oere live troch Omrop Fryslân op ynternet útstjoerd streekrjocht út Neushoorn yn Ljouwert wei.

Trefwurden: 
IepenUP Homonologen
(Advertinsje)
(Advertinsje)