Smellingerlân wol demintensfreonlikste Fryske gemeente wurde

06 feb 2019 - 19:26

Smellingerlân wol de demintensfreonlikste gemeente fan Fryslân wurde. Minsken wurde âlder en it oantal âldere minsken nimt ta. Sa'n tûzen minsken hawwe yn Smellingerlân op dit stuit de sykte fan Alzheimer.

Smellingerlân wol demintensfreonlikste Fryske gemeente wurde

Yn in demintensfreonlike gemeente kinne demintearjenden salang mooglik meidwaan. De gemeente wol sjen wêr't se yn de soarch saken ferbetterje kinne. Dat kin gean om bygelyks it stypjen fan mantelsoargers en alternative foarmen fan deibesteging. Mar ek yn saken as in goede sûnens en technologyske ûntwikkelingen kinne gemeente en organisaasjes in rol spylje.

Minke van der Veen, Geriatrisch Netwerk Smallingerland

Dêrneist is it belangryk dat ynwenners omgean kinne mei it gedrach fan demintearjenden. Dat jildt foar sportferieningen, winkellju, mar ek fersoargers yn âldereintehuzen. Om út te finen wat Alzheimerpasjinten nedich hawwe, hâldt de gemeente tongersdeitemiddei tegearre mei it Geriatrisch Netwerk Smallingerland in ynspiraasjebyienkomst.

Frou Wietske Jelierse-Vander Heide

"Wat we in ieder geval moeten stimuleren, is kennis bij de mensen vergroten. Dat ze allemaal weten wat dementie is en hoe ze met mensen met dementie moeten omgaan", seit wethâlder Piet de Ruiter. "Niet als die al heel ver ziek zijn, maar vooral helemaal aan het begin. Zorgen dat mensen met dementie op een volwaardige manier aan de samenleving kunnen deelnemen."

Wethâlder oer demintens

Trefwurden: 
Smellingerlân demintens
(Advertinsje)
(Advertinsje)