Sietske Poepjes oer opjefte Heel Holland Bakt: "Ik moat earst mar ris troch de seleksje komme"

06 feb 2019 - 17:46

In fegan applecrumble, Milano koekjes of cake mei pistasjnútsjes en sinesappelrasp: Sietske Poepjes kin it allegear. It binne in pear resepten dy't se foar it radioprogramma Sneon yn Fryslân al bakt hat. No hat de deputearre gruttere ambysjes. Sa't se tiisdei bekendmakke, wol se har opjaan foar it populêre telefyzjeprogramma Heel Holland Bakt.

Se is yn har frije tiid in fanatyk bakker en wol no besykje foar hiel Nederlân sjen te litten dat se in poerbêste taartbakker is.

"Ik ha der lang oer neitocht en ik wit ek net oft it te kombinearjen falt mei myn wurk as deputearre. Mar ik wol wol meidwaan. Ik bak fral yn it wykein, sa'n oerke of twa trije yn de wike, mear tiid ha ik net. Ik bin der al yn studintetiid mei begûn mei in hiel goedkeap oventsje. It wurdt wol hieltyd better. Op myn wurk bin ik altyd oan it praten en úttinken en dan wolst wolris wat mei de hannen meitsje."

Foto: Twitter Sietske Poepjes

Net foar gek

"Ik wol mysels net foar gek sette op telefyzje. As it mislearret en ik stean dêr heal by te skriemen, dan kin hiel Nederlân dat sjen. Ik moat earst troch de seleksje komme, dat is ien ding, mar yn de tinte komme is noch wol wat oars. Dat is net foar in soad weilein."

(advertinsje)
(advertinsje)