Man (23) ferwûne troch oanriding op spoar yn Ljouwert
By in oanriding op it spoar by de Oostergowei yn Ljouwert is woansdeitemiddei in 23-jierrige Ljouwerter ferwûne rekke. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht en dêr behannele. De man is dêrnei oerdroegen oan de GGZ en dêr opnaam.
Troch de oanriding wie de Oostergowei in skoft ôfsletten. Oan it ein fan de middei waard de dyk wer frijjûn.