FIDEO: fleanbasis Ljouwert wurdt de basis foar de MQ-9 Reaper

06 feb 2019 - 17:00

Unbemande fleantugen, drones, dy't in lieder fan IS bombardearje, CIA-aginte Carrie Mathison dy't yn de searje Homeland live meisjen kin mei wat op de grûn bart. Dat lêste kin Nederlân ynkoarten sels ek. De fleanbasis Ljouwert wurdt de basis foar de MQ-9 Reaper. Dat is in ûnbemanne tastel dat oeral op de wrâld út Ljouwert wei bestjoerd wurde kin. De earste twa bemanningen binne krekt yn oplieding.

It is it modernste jachtfleantúch dat troch alle grutte militêre machten brûkt wurdt. It kommende oardel jier is de 'crème de la crème' fan de loftmacht te finen op de fleanbasis Ljouwert. It giet om de F-35. De oplieding foar de piloaten fan dit tastel bart yn Amearika. De top fan Definsje wie dêr ferline wike op besite op de trainingslokaasje. Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie der ek by.

(advertinsje)
(advertinsje)