Noardlike ûndernimmers lilk: "Takomstfyzje oer spoar giet foarby oan it Noarden"

De ûndernimmersorganisaasje VNO-NCW MKB Noord is tige kritysk oer de takomstfyzje fan steatssekretaris Stientje van Veldhoven oer it iepenbier ferfier. De ûndernimmers fine dat sy foarby giet oan de belangen fan Noard-Nederlân.
In trein fan NS by de spoarwei © Shutterstock.com
De steatssekretaris wol dat der yn 2040 tusken njoggen grutte Nederlânske stêden alle tsien minuten in trein rydt. Bygelyks Grins sit dêr net by, wylst dat neffens de undernimmersferiening de fiifde stêd fan Nederlân is. It Noarden wurdt sa fuortset as ûnbelangryk, fynt VNO-NCW MKB Noord. Direkteur Ton Schroor: "Van Veldhoven sluit daarbij een derde van Nederland uit."

Meitinke

De ûndernimmersorganisaasje pleitet al jierren foar in flugge ferbining mei de Rânestêd. Dy soe bydrage oan in better fêstigingsklimaat foar bedriuwen. VNO-NCW MKB Noord jout oan graach meitinke te wollen oer de takomst fan it iepenbier ferfier yn Nederlân.
Schroor: "Wij kunnen ons niet voorstellen dat dit een bewuste strategie is. Wij dagen haar dan ook uit met een bredere blik naar deze visie te kijken en daar Noord-Nederland, een regio die een belangrijke plek inneemt in de Nederlandse en Noord-Duitse economie, in te betrekken. Uiteraard denken wij daarin graag mee."