Stimburo's yn Ljouwert wurde ek tagonklik makke foar hendikepte stimmers

06 feb 2019 - 16:32

By 14 stimburo's yn de gemeente Ljouwert komt by de steateferkiezings op 20 maart in bel by de doar, spesjaal foar hendikepte stimmers. Nei in ûndersyk fan de gemeente hat bliken dien dat op it stuit net alle 79 stimburo's oan de easken foldogge fan de minister fan Ynlânske Saken.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Dy hat bepaald dat minderfaliden yn alle stimburo's komme kinne moatte. Bygelyks by it stimburo yn it stedhûs is dat in probleem. De doarren binne net goed selsstannich te iepenjen foar hendikepten, dêrom wurdt op de ferkiezingsdei in bewaker ynset.

Yn de Dominicustsjerke is dat ek sa. Dêr komt in bel, sadat hendikepte kiezers help krije kinne by it iepenjen fan de doar. Itselde jildt bygelyks ek foar it wykgebou De Toekomst en de Pelikaantsjerke.

Op oare plakken binne net de doarren in probleem, mar de hege stoepe. By twa stimburo's is de tagonklikheid net te ferbetterjen. Dat jildt foar de Albertine Agnesskoalle yn Ljouwert en sporthal De Twine yn Grou. Dy sporthal hat in swiere doar en de helling derhinne is te steil.

(advertinsje)
(advertinsje)