Krisisorganisaasje kontenerramp ôfskaald, Bestuurlijk Wadden Overleg nimt rezjy oer

06 feb 2019 - 16:27

De ôfhanneling fan de gefolgen fan de oerboard sleine konteners, fan de kontenerramp mei de MSC Zoe, leit fan no ôf by it Bestuurlijk Wadden Overleg. Dy sil him, yn gearwurking mei Rykswettersteat, de kommende tiid rjochtsje op de berging fan de konteners en de ynhâld, de skea-ôfhanneling en it opromjen. De krisisorganisaasje GRIP 4, dy't sûnt de kontenerramp jildt, is dêrom woansdei ôfskaald nei GRIP 0.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It Bestuurlijk Wadden Overleg bestiet út de direkteuren fan de noardlike feilichheidsregio's, Rykswettersteat, de Kustwacht en trije boargemasters dy't de noardlike provinsjes fertsjintwurdigje. Dêrneist rjochtet it Regiecollege Waddengebied, ûnder lieding fan kommissaris fan de Kening Arno Brok, him op de ekologyske gefolgen op de lange termyn.

Gefolgen fan de ramp

It ôfhanneljen fan de gefolgen fan de kontenerramp sil nei alle gedachten noch in skoft duorje. It nijs dat der minimaal 345 konteners oerboard slein binne, yn stee fan de earder neamde 291 konteners, feroaret neffens de organisaasjes neat oan de oanpak en de bestjoerlike ôfstimming.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)