HEA! Op 'e catwalk yn beppe har troujurk
HEA! Trou-evenemint yn Rie
Hoe leuk is it om nei jierren dyn troujurk werris foar it ljocht te heljen en te showen oan it doarp? Froulju yn Rie organisearren harren eigen trou-evenemint yn harren nagelnije MFC. Net eltsenien past mear yn 'e jurk, mar lokkich binne der altyd wol slanke beppesizzers, dy't bêst op de catwalk rinne wolle yn de dreamjurk fan beppe.

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.