Forum voor Democratie en DENK wolle meidwaan oan steateferkiezingen

06 feb 2019 - 15:17

De partijen Forum voor Democratie en DENK wolle definityf ek yn Fryslân meidwaan oan de steateferkiezingen. Dat docht bliken út de oanmeldingen by de Kiesraad, dy't woansdei bekend wurden is.

Foto: ANP

Freed wurdt dúdlik oft de partijen ek echt oan alle betingsten dogge. Dêr beslút it sintraal stimburo yn Fryslân oer. Dan wurde ek de kandidatelisten fêststeld.

Ek 50PLUS en de PVV hawwe harren yn alle provinsjes oanmeld. Dat jildt ek foar VVD, CDA, PvdA, GrienLinks, D66, SP, ChristenUnie en de Partij voor de Dieren. De SGP docht yn 9 fan de 12 provinsjes mei, wêrûnder Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)