Keamerfragen oer net mear útdielde boeten natuerfersteuring Waadsee

De fraksje fan D66 yn de Twadde Keamer hat oanfoljende fragen steld oan de ministers Schouten en Van Nieuwenhuizen oer boeten foar it fersteuren fan de natuer op de Waadsee. Dy wurde net mear útdield, omdat de wetjouwing dy romte net jout. Boppedat is der in kapasiteitsprobleem. Earder stelde Frank Wassenberg fan de Partij voor de Dieren al fragen oan de ministers.
De Waadsee fan Skiermûnseach ôf nei it easten ta © Remco de Vries
Neffens de Wet Natuurbescherming fan 2017 moatte je bewize kinne dat minsken mei opsetsin de natuer fersteure of de fersteuring moat foar skea soargje oan de hiele populaasje fan in soart. Mei dy betingsten falt yn de praktyk net te wurkjen, befêstiget Rykswettersteat. Dus binne der ferline jier gjin boeten útdield.

Fragen

Keamerlid Tjeerd de Groot wol dêrom ûnder mear fan de ministers witte oft der ek op oare mêden problemen binne by it hanthavenjen, en wat der nedich is om de problemen op te lossen.