Crone: Sint Piter moat trochgean mar minsken meie ek demonstrearje

06 feb 2019 - 13:28

Boargemaster Crone fan de gemeente Ljouwert is noch folop yn petear mei it komitee Kick Out Swarte Pyt om in goed plak te finen foar de oankundige demonstraasje by de yntocht fan Sint Piter yn Grou, kommende sneon.

Crone: Sint Piter moat trochgean mar minsken meie ek demonstrearje

De boargemaster hat de ôfrûne dagen besocht om de demonstraasje foar te kommen, troch ôfspraken te meitsjen tusken de protestearjende groep en it komitee dat de yntocht fan Sint Piter organisearret, mar dat is net slagge.

"Het is een ingewikkelde discussie", ljochtet boargemaster Ferd Crone ta. "Mensen die het feest organiseren, hebben geen racistische bedoelingen. Er zitten kenmerken aan die op een ver verleden kunnen terugvoeren waarvan ik ook snap dat mensen daar gevoelig voor kunnen zijn."

"Sinterklaas en Zwarte Piet zijn allang geen boemannen meer waar je vroeger bang voor was, maar het zijn kindervrienden en het is een kinderfeest. Maar hoe zorgen we ervoor dat het racistische dat eraan kan kleven en waarvan soms ook anderen last hebben, dat we dat veranderen. Daar ga ik niet over, daar gaat het dorp Grou over."

"Sint Piter is een intens feest, dat wordt voorbereid op de scholen en dat mag niet worden verstoord. Maar mensen hebben ook het recht om te demonstreren."

Partijen ha wol mei elkoar praat, mar komme op koarte termyn net ta in oplossing. "Ze mogen demonstreren, maar het feest moet ook doorgaan. We bepraten nu hoe dan en waar en met hoeveel mensen ze mogen demonstreren. We gaan naar een plek zoeken en moeten binnenkort knopen doorhakken. De situatie in Grou is lastig vanwege de kleine straten."

Oer de ynset fan de plysje kin Crone noch neat sizze. "We zorgen voor de veiligheid en voor zo min mogelijk overlast."

De oankomst fan Sint Piter yn Grou - Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Ferd Crone

Yn herberch Oer it Hout yn Grou is woansdeitejûn in besletten ynformaasjegearkomste foar de ynwenners fan Grou. Dan jout de boargemaster in taljochting oer wêr't de bewenners rekken mei hâlde moatte.

It komitee Kick Out Swarte Pyt hat op Facebook oankundige sneon nei Grou te kommen om te demonstrearjen by Sint Piter. Se wolle dat fan 10.00 oant 12.00 oere dwaan op it Halbertsmaplein. De aksjefierders wolle mei in bus komme dy't út Grins fuortgiet en oer Dokkum en Ljouwert rydt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)