PC-winner Peter van Zuiden mist keatsseizoen fanwegen knibbelblessuere

06 feb 2019 - 12:27

Keatser Peter van Zuiden fan Tsjerkwert mist dit jier it folsleine keatsseizoen. De regearjend PC-winner, mei maten Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden, hat in blessuere oan syn linkerknibbel en wachtet op in operaasje, sa meldt it keatsbûn.

Foto: Henk Bootsma

Wannear't Van Zuiden krekt operearre wurdt, is noch net dúdlik fanwegen in wachtlist by it sikehûs. Nei de operaasje soe de keatser ek noch njoggen moannen refalidearje moatte. Dat betsjut dat er it keatsseizoen wol ferjitte kin.

Fergiest fan de pine

"Begjin septimber ha ik in krúsbân ôfskuord en de bûtenste meniskus. Dat wie by fuotbal. Dan fergiest fan de pine", fertelt Peter van Zuiden. "Ik ha noait blessueres en dan no dit. It is swier ferfelend. Yn in flits gie ik der trochhinne. Yn it sikehûs op de earste help seinen se earst dat it wol tafoel. Nei behannelingen by de fysio fielde it wol reedlik."

Letter gie er der wer trochhinne. "Doe ha ik by de húsdokter west en frege om fierder ûndersyk." Hy wachtet al skoften op de operaasje. Mooglik duorret it lang om't pasjinten yn Lelystêd yn Snits holpen wurde.

Syn maten fan it partoer fine it hiel spitich. "Bliksem seinen se. Yn Jelte Pieter Dijkstra ha se in ferfanger fûn."

Nei de operaasje wol er sa hurd mooglik refalidearje. "Ik wol werom op keatsfjild. Je ha in ûngelok hân en je komme der better út, sa sjoch ik dernei."

Regearjend PC-winners

Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en broer Thomas van Zuiden wûnen ferline jier op it Sjûkelân yn Frjentsjer ferrassend de 165ste PC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)