Gjin 291, mar minimaal 345 konteners oerboard slein by MSC Zoe-ramp

06 feb 2019 - 12:22

By de kontenerramp mei de MSC Zoe, begjin dit jier, binne gjin 291, mar op syn minst 345 konteners oerboard slein. Dat hat de rederij oan Rykswettersteat witte litten. De definitive sifers wurde nei alle gedachten nije wike bekendmakke.

Edwin de Feijter fan Rykswettersteat

De rederij komt no pas mei dizze ynformaasje, omdat it skip earst nei lange tiid de lading losse koe yn de haven fan Gdansk yn Poalen. Dêrby die bliken dat der mear konteners oerboard slein binne. "Wij begrijpen wel dat de rederij hier even over heeft moeten doen", seit Edwin de Feijter fan Rykswettersteat. "Het was een behoorlijke chaos aan boord en een goed beeld kun je pas vormen wanneer alles gelost is."

Neidat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris de konteners ferlern gien binne, is de MSC Zoe earst nei de haven fan Bremen fearn om it earste diel fan de lading te lossen, ynklusyf de konteners mei skea. De Feijter seit no in better byld te hawwen. "Zeker in het begin van zo'n ramp is het chaos. Nu komt er wat meer lijn in. We hebben nu een veel beter overzicht van de berging en hoe dat moet gaan verlopen."

"Kan nog eens bijgesteld worden"

Begjin febrewaris is de rest lost yn Gdansk. De konteners stiene nei it ynsidint skean en bryk oan board. De rederij hat doe in earste ynskatting makke, dy't no bysteld is. "Er zijn nu zo'n vijftig meer containers meer overboord geslagen dan we in eerste instantie dachten", giet De Feijter fierder. "Ik moet daarbij zeggen dat het getal nog bijgesteld kan worden."

Der binne net mear konteners mei gefaarlike stoffen ferlern gien, stelt De Feijter. "De berger had al alle contacten in beeld gebracht van waar alle containers zouden kunnen liggen. Wat er in die containers zit? Huishoudelijke onderdelen. In ieder geval geen gevaarlijke stoffen."

Foto: Kustwacht Nederland

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

Trefwurden: 
MSC Zoe kontenerramp
(advertinsje)