Eaststellingwerf is "supergrutsk" op boupriis foar Biosintrum

Se binne der tige wiis mei, wethâlder Fimke Hijlkema fan de gemeente Eaststellingwerf en projektlieder Rob van der Hoek fan boubedriuw Buiteveld. Tiisdei wûnen sy op de BouwBeurs yn Utrecht yn de kategory bou de Nederlânske Boupriis.
Gemeente Eaststellingwerf supergrutsk op boupriis
"Wy binne supergrutsk, kinne jo wol stelle", seit wethâlder Hijlkema. "Wy hienen al in pear kear meidien oan oare prizen, bygelyks foar de meast duorsume gemeente of de meast duorsume regio. Mar no't wy dizze priis wûn ha, kinne wy dêr wol hiel wiis mei wêze. Hielendal omdat der ek bouprojekten meidienen yn bygelyks Amsterdam en Utrecht."
It Biosintrum moat yn maart iepen wêze. It bouprojekt is bysûnder, omdat it foar it grutste part oplutsen wurdt mei sirkulêre materialen en folslein enerzjyneutraal is. It gebou is eigendom fan de gemeente Eaststellingwerf en de provinsje Fryslân. It sintrum is bedoeld foar skoallen en ûndernimmers.

"In bytsje in arsjitektuerpriis"

De priis is wol aardich prestizjeus, seit projektlieder Rob van der Hoek. "De arsjitekt tsjinnet it yn, it is dus in bytsje in arsjitektuerpriis. Wannear'tst dêr dan as bouwer by belutsen wurdst, as partner, dan is it wol hiel moai datst dy priis winst."
"Wy wolle yn ús regio ynsette op biobased bouwe", folt Hijlkema Van der Hoek oan. "Dat is hjir aardich slagge bygelyks mei it isolaasjemateriaal dat fan âlde spikerbroeken makke is."