Baanhurdfytser Stroetinga docht troch blessuere net mei oan WK

06 feb 2019 - 11:30

Wim Stroetinga docht net mei oan de WK baanhurdfytsen. De 33-jierrige hurdfytser hat de skouder út de kom en sil sa lang refalidearje moatte, dat er in streek sette moat troch de wrâldkampioenskippen, ein dizze moanne yn Poalen.

Wim Stroetinga - Foto: www.orange-pictures.nl

Stroetinga gie tiisdei, op de fiifde dei fan de Zesdaagse van Kopenhagen, ûnderút. Dêrby rekke syn skouder út de kom. Neffens Stroetinga hiene se muoite om it skouder werom te pleatsen. Ek rûn er in heupblessuere op.

Yn Kopenhagen foarme Stroetinga in duo mei Yoeri Havik. Ek hy gie ûnderút, mar rûn allinnich wat skaafwûnen op. Havik koe dêrtroch it evenemint wol ôfslute, mei as partner de Deen Matias Malmberg. It duo einige op it tredde plak. De winst gie nei de Belgen Kenny De Ketele en Moreno De Pauw.

(advertinsje)