Plestik ôffal benammen op Skier en Rottum, eastkant It Amelân noch net yn kaart

Undersikers fan de Ryksuniversiteit Grins binne al goed op wei mei it yn kaart bringen fan it plestik yn it Waadgebiet. It plestik ôffal, dat troch de kontenerramp yn see bedarre, is benammen op Skiermûntseach en Rottum oanspield. Dat meldt RTV Noord. Ek op It Amelân is dat nei alle gedachten it gefal, mar dat byld is noch net kompleet.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
"We zitten echt te wachten op een aantal mensen die even helemaal naar de oostpunt van Ameland willen lopen", seit Tjisse van der Heide, heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins, tsjin de kollega's fan RTV Noord. Benammen oer dy eastkant fan it eilân is noch net genôch ynformaasje bekend. "Naarmate je verder naar het westen gaat, ligt er minder van", seit Van der Heide oer de fersprieding fan it plestik ôffal.

Nei de eilannen

Steatsboskbehear is woansdeitemoarn mei in skip ôfreizge nei de eilannen Rottumerplaat en Rottumeroog om te sjen hoe't it dêr is mei de fersmoarging.
Fia in webside kinne minsken helpe om it plestik yn kaart te bringen.
Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 mear as 290 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe it Dútske eilân Borkum. Troch de hurde wyn binne de konteners nei de Fryske Waadeilannen dreaun. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.