Yn eardere gemeentehûs fan Menameradiel komme soarchapparteminten

06 feb 2019 - 11:12

Yn it eardere gemeentehûs fan Menameradiel komme tritich soarchapparteminten foar minsken mei demintens. De gemeente Waadhoeke en de KwadrantGroep hawwe dêroer in prinsipe-oerienkomst berikt. De soarchorganisaasje moat noch in formeel beslút nimme, dêrnei wurdt in offisjele gearwurkingsoerienkomst tekene. It giet om it nijere gemeentehûs fan Menaam, it gemeentekantoar.

Foto: Google Streetview

"We zijn blij dat het voormalige gemeentehuis van Menameradiel een mooie nieuwe maatschappelijke invulling gaat krijgen", seit wethâlder Caroline de Pee. "Het pand staat op een mooie locatie in Menaam en de nieuwe bestemming komt hier volledig tot zijn recht."

Ek Jan Maarten Nuijens, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan KwadrantGroep, is posityf. "Op deze wijze kunnen de mensen uit Menaam en de omliggende dorpen in hun vertrouwde omgeving blijven wonen en rekenen op onze deskundige zorg."

Levendigheid en reuring

"We zijn enorm blij", fertelt wethâlder Caroline de Pee fan Waadhoeke. De KwadrantGroep hat konktakt opnommen mei de gemeente oer de plannen. "In de appartementen komen cliënten die zwaardere zorg behoeven. Het pand leent zich daar prima voor, het is mooi groot en zit op een prima locatie. We zijn blij met deze invulling en het geeft Menaam weer wat levendigheid. Er komen natuurlijk ook mensen op bezoek en dat geeft weer wat reuring in het dorp."

Der leit no in prinsipe-oerienkomst. It bestimmingsplan moat noch wizige wurde. Ek wurdt sjoen nei parkearfoarsjenningen. "We hopen dat we op 1 juli de definitieve verkoop kunnen sluiten."

It âlde gemeentehûs fan Menaam, oan it wetter, stiet noch hieltyd te keap. It karakteristike gebou moat 575.000 euro opleverje.

(advertinsje)