Museum Martena krijt twa ton fan de BankGiro Loterij

06 feb 2019 - 10:58

Museum Martena yn Frjentsjer krijt twa ton fan de BankGiro Loterij. Dat bedrach is woansdeitemoarn oerlange troch Albert Verlinde. It jild is bedoeld foar de werynrjochting fan it museum.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De meiwurkers wienen dêr net fan op de hichte. Se tochten dat de minsken fan de lotterij komme soenen omdat se noch fragen hienen oer in oanfraach dy't it museum dien hie.

"O boy. Kijk nou toch! O wat fijn geweldig!" reagearre Manon Borst, direkteur fan Museum Martena doe't Albert Verlinde mei de sjek binnenkaam. "Ik weet echt niet wat me overkomt, het is ongelofelijk. Er was een afspraak gepland met iemand van de BankGiro Loterij, die zou nog wat vragen komen stellen. Ik durfde het niet te hopen, in mijn achterhoofd had ik wel hoop."

Dream dy't wier wurdt

"We hadden de aanvraag gedaan met het idee we zien wel waar het schip strandt. Toen kwam dat mailtje dat ze langs wilden komen. Ik zou vandaag eigenlijk in Rome zijn, maar ik heb mijn reis afgezegd. Ik had zo'n buikpijn vanochtend, en dacht straks komt diegene moeilijke vragen stellen en stort ik daarna wel in. Maar dit is een droom die waar wordt."

Triennen yn de eagen

"Je krijgt er tranen van in je ogen" sei Albert Verlinde. Hy fynt it in prachtich museum. "Ik ben er nog nooit geweest, maar wat ik heb gezien, ziet er prachtig uit."

It jild wurdt brûkt foar de werynrjochting. "We pakken alle vaste tentoonstellingen aan. Alles wordt over de kop gehaald, het wordt anders, mooi en nieuw. En met dit bedrag gaat het gewoon lukken!"

Manon Borst fan Museum Martena

(advertinsje)
(advertinsje)