Optreden Reuzen yn Ljouwert nominearre foar nasjonale priis

06 feb 2019 - 10:22

It optreden fan de Reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert is nominearre foar in Nasjonale Evenemintepriis. It pronkstik fan Kulturele Haadstêd docht mei om in priis yn de kategory bêste publyksevenemint. Konkurrinten foar de priis binne ûnder mear de lanlike yntocht fan Sinteklaas yn Zaanstad en de finish fan de Volvo Ocean Race yn Den Haag.

Foto: Omrop Fryslân, Marijke de Boer

De nominaasjes binne fêststeld troch de Stichting Nationale Evenementenprijzen yn gearwurking mei ûndersyksburo Respons. De nasjonale eveneminteprizen wurde dit jier útrikt yn Deventer, by it nasjonaal kongres eveneminten.

In sjuery makket de winner 14 maart bekend en dan wurde ek fuort de prizen útrikt.

Trefwurden: 
Ljouwert priis reuzen
(advertinsje)
(advertinsje)