"Wy moatte net op in eilantsje sitten bliuwe, mar elkoar ynspirearje"

Jonge keunstners hawwe foaral in soad ferlet fan fysike plakken om te wurkjen, harren te presintearjen en elkoar te moetsjen. Dat blykt út in gearkomste mei jonge makkers dy't de kertiermakkers fan de nije Kulturele Haadstêdorganisaasje organisearre hawwe. Boppedat wolle se graach dat harren wurk ek bûten Fryslân sjoen wurdt.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Brecht Wassenaar, Lourens van den Akker en Jamila Faber oer de gearkomste
Aktrise en teätermakster Brecht Wassenaar wol graach sjen en witte wat oaren dogge. "Wy moatte net op in eilantsje sitten bliuwe, mar elkoar ynspirearje." It Kulturele Haadstêdjier ferraste har. "Ik ûntduts dat der in hiel soad jonge keunstners yn Fryslân binne, mar ik wist net iens dat se hjir wienen. En dan fyn ik mysels reedlik open minded, ien dy't fierder sjocht as myn eigen teäterdissipline."
Akteur Lourens van den Akker wol graach ek bûten Fryslân sjoen wurde. "Dat we in kollektyf kapitaal mei syn allen meitsje, wêr't we grutsk op binne en ek mei nei bûten ta trêdzje, nasjonaal en ynternasjonaal. Dat ús wurk fanút Fryslân mear te sjen is, dus net allinnich foar ús eigen minsken."
Muzikant Jamila Faber wol mei har muzyk lanlik trochbrekke. "We moeten onszelf serieus blijven nemen en Fryslân niet als een soort van opstapje naar de Randstad zien. Dat is niet de heilige graal. Dat we een trots hebben over waar we vandaan komen. Dat je tevreden kunt zijn met waar je bent."

"Ook in 2028 op de kaart"

Ien fan de organisatoaren fan dizze gearkomste is Sjoerd Bootsma. Hy wie belutsen by Kulturele Haadstêd en is no dwaande mei plannen foar de takomst. "Culturele Hoofdstad heeft heel veel wind in de rug gegeven aan een nieuwe generatie makers in Fryslân en die moet je hier houden. We moeten ze een kans geven om mooie dingen te maken, zodat we ook in 2028 weer op de internationale kaart staan."
Bootsma hat in soad heard dat hy brûke wol by it meitsjen fan de plannen. "Onze legacy van Culturele Hoofdstad is de toekomst van de generatie van 2028. We moeten het samen met de jongere generatie gaan maken." Op 28 febrewaris makket hy de kulturele ferfolchplannen bekend. Konkreet foar 2019 en 2020, mei in blik op de takomst oant 2028.