Ljouwert siket nei alternativen foar libjende kryststâl nei fragen fan Partij voor de Dieren

06 feb 2019 - 10:01

De gemeente Ljouwert wol fan de libjende kryststâl ôf. "We gaan het niet verbieden, maar we willen alternatieven aanmoedigen", seit wethâlder Hilde Tjeerdema. "Het gaat om het dierenwelzijn."

(Dit is net de kryststâl yn Ljouwert) - Foto: ANP

De gemeente komt mei dit stânpunt nei oanlieding fan fragen fan de Partij voor de Dieren. De partij wie kritysk oer de libjende kryststâlen by it Charles Dickens-evenemint, ein ferline jier yn Ljouwert.

Neffens de PvdD soargen de libjende kryststâlen foar stress by de bisten. De gemeente Ljouwert tinkt dat dat wol tafalt. "De dieren kwamen van een klein dierenpark. Ze zijn drukte gewend met mensen en vooral kinderen."

Dochs wol ek de gemeente it leafst gjin kryststâl mei libjende skiep, geiten en ezels, al sit in ferbod lykas de PvdD graach wol, der net yn. "Een levende kerststal hoeft niet per definitie slecht te zijn voor de dieren. Mede gezien de status 'meest diervriendelijke gemeente van Nederland' en het feit dat het college dierenwelzijn belangrijk vindt, wil het college naast het aanmoedigen van alternatieven in goed overleg met de organisatoren het dierenwelzijnsaspect bespreken."

Wethâlder Hilde Tjeerdema

Trefwurden: 
Ljouwert Kryststâl
(advertinsje)
(advertinsje)