Trekker bedarret op sydkant nei ûngelok by Blije

06 feb 2019 - 09:26

Op de dyk fan Blije nei Holwert hat woansdeitemoarn in ûngelok plakfûn. Op de N357 kamen in bestelbuske en in trekker mei inoar yn botsing by Blije. De trekker bedarre op de sydkant.

Ungelok by Blije - Foto: De Vries Media

Oer de tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend. In tsjûge sei dat der gjin minsken ferwûne rekke binne.

Trefwurden: 
trekker Blije
(advertinsje)