Kollum: "Net bêst"

"Net in bêste wike foar Fryslân. Tiisdeitejûn wie de limyt doe't we hearden dat deputearre Poepjes meidwaan sil oan Heel Holland Bakt. Jich."
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Tiisdeitejûn 5 febrewaris wie de nijjiersresepsje fan SC Hearrenfean. It is al hast wer krysttiid, mar krekt as de fuotballers fan Hearrenfean binne ek de oerbleaune bestjoerders hieltyd te let by de bal. En jim ha yn it nijs al hearre kinnen dat soks wol it hiele jier sa bliuwe sil. As it al net te let is.
Wis te let is it gesoademiter op de ôfdieling reumatology yn it sikehûs fan Snits nei bûten kaam. Noait bekend makke oan de pasjinten, dy't net holpen wurde, omdat it pear dokters it net mei elkoar iens binne. Tekenjend foar de sûnenssoarch yn dizze tiid. Inkeld eigenbelankjes.
Pyt Paulusma moat noch alve moanne 'oant moarn' roppe by SBS6, mar de media skriuwt no al in 'yn memoriam'. Net wittende dat hy al folle langer waarman fan Omrop Fryslân is. As hy dêr ferdwine soe, dan is it pas slim. Omroep MAX wol him ek ha, mar wannear't je dat roppe sûnder earst mei him te praten, dan wolle je inkeld misbrûk meitsje fan de publisiteitsweach.
Gaston fan de Postkoade Lotterij kaam yn Holwert. Marco Verbeek makke in slúf iepen. Bliksems! 15 miljoen. En net iens in lot kocht. Mar wannear't je dan op Twitter sjogge nei de blydskip fan politisy, dy't sels Holwert jierrenlang op de tok holden ha, dan sakket my de broek ôf. Tink der mar ris oer nei. Dat dit net betocht is troch de polityk, mar troch fjouwer entûsjaste jonges. Dat partikulier inisjatyf hat no partikulier jild opsmiten, mar no moat dat taseine oerheidsjild der noch gau by. Oars is it inkeld in drip op de gloeiende plaat.
Partikulier, dat wol trouwens bêst. De Tsjûkemar hat no ek sa'n ploechje. Moai ferbetterplan makke. As de minister gjin akwadukt wol, dan komme sy mei in fytspontsje oer de Skarsterrien. De oerheid seit dat se ek meidogge, mar ien fan dy mannen sei: "Nou ja, we zetten ze aan tot meer tempo." Itselde as yn Holwert. Dwaan. Opnij in blide bestjoerder, deputearre Kielstra, dy't yn oermoed rôp dat It Hearrenfean no ek mar oer it wetter tichter by de Tsjûkemar komme moat. Dat kostet noch al wat, Klaas. En do wolst ek noch dat dy gemeenten mei elkoar gearwurkje? No dan silst it net mear belibje.
No hat hy dat hielendal net oan tiid, want syn Ofslútdyk blykt in libbensgefaarlik rûte te wêzen. Want de kompjûters doge net en de minsken moatte it hieltyd sels dwaan. Dat is tricky. En it is dochs net te leauwen dat je oardel jier nedich ha om in kompjûterprogramma te bewurkjen? Of it binne seldsume kloaten by Rykswettersteat. Beide leau ik net.
Der is wat oars oan de hân. Tink dat it in opsetsje is. De publisiteit sá negatyf meitsje dat it jild foar in nije slûs der wat flugger komt. It gemekker yn de Fryske hoeke kin foar my wol ophâlde. Dat lost simpel op: wy gean fanút Fryslân net mear de Ofslútdyk oer. En we litte der ek gjin minsken mear oer ynkomme. Sjoch dan mar hoe gau dy nije slûs der is.
Olaf Storms wol graach sân winne en hy krige alfêst in stien troch syn ruten. It duorret wat te lang om dêr sân fan te meitsjen, dus in Limboarchske oannimmer moat it neffens him mar út de Iselmar helje. Dat wolle in hiel soad minsken dy't yn Gaasterlân wenje net. Rêst en útsicht nei de bliksem. It is frjemd dat de provinsje it goed fûn. Ek it kolleezje fan De Fryske Marren seach mear jild as swierrichheden. En no moat de ried kedize.
Se binne dêr krekt begûn om de minsken mear meiprate te litten. Yn petear. Moandeitejûn. Doe sei in ynwenner dat troch dy sânwinning der folle minder toeristen nei de kust komme sille. Doe frege ien fan de gemeenteriedsleden út hokker ûndersyk dat blike soe. Wannear't jo op dy toan en wize yn petear geane mei de mienskip en de oannimmer mei sizze dat ynsprekkers ûnnoazele lju binne, dan is der folle mear mis wannear't dat je in inkeld in ferkeard eilân oanlizze wolle."