A6 rjochting De Jouwer is nei deadlik ûngelok foar in part wer iepen

Op de A6 yn de rjochting fan Emmeloord nei De Jouwer hat woansdeitemoarn, op de hichte fan Skarsterbrêge, in ûngelok west. By it ûngelok wiene twa auto's en in motor belutsen. De motorrider is by it ûngelok om it libben kaam. De dyk hat dêrnei oeren ticht west.
Deadlik ûngelok op A6; dyk tusken ôfslach Eastersee en De Jouwer ticht
Troch it ûngelok wie de autodyk tusken de ôfslach nei Eastersee en it knooppunt by De Jouwer ôfsletten. Rykswettersteat hie in omlieding ynsteld fia de ôfslach nei Eastersee en rôp minsken dy't fanút de Noardeastpolder nei Fryslân wolle op, om om te riden fia Zwolle, Meppel en It Hearrenfean.
De dyk gie om 11.30 oere hinne wer iepen. Dêrby is noch wol ien rydstripe ticht fanwege opromwurksumheden.