Sânsuppleesje op It Amelân mei ynhâld fan "2500 fjoertuorren"

06 feb 2019 - 06:52

Rykswettersteat besiket takom maitiid mei 6,4 miljoen kúb sân de Noardseekust fan It Amelân te beskermjen. Dat binne 2500 Amelanner fjoertuorren fol, rekkene relaasjemanager Waadgebiet Jan Visser fan Rykswettersteat om.

Foto: Persbureau Ameland

Yn 2015 waard it strân fan It Amelân foar it lêst fersterke mei sân. Fjouwer jier letter is dat op 'e nij nedich. "It Amelân ferliest elk jier sa'n 30 oant 40 meter sân oan see", leit Visser út. "Dat hat te krijen mei de streamings op de Noardsee. Ek oare eilannen ha hjir lêst fan, mar It Amelân noch it aldermeaste. Dit is net de earste kear dat wy de kust mei sân fersterkje en it sil ek wol net de lêste kear wêze."

Komplekse wurksumheden

In sânsuppleesje betsjut dat Rykswettersteat sân fan de Noardsee hellet en dat tsjin it eilân oanset. Visser: "Dat liket frij ienfâldich, mar is noch kompleks genôch. Foar it sân moat wy in geskikt wingebiet ha. Dat moatte wy fan tefoaren ûndersykje. De Noardsee is in Natura 2000-gebiet, dêr't wet- en regeljouwing oan ferbûn is. Boppedat wurdt it strân folop brûkt. Wy moatte ús wurksumheden mei de gebrûkers ôfstimme."

Briedseizoen

Ek moat Rykswettersteat rekken hâlde mei it briedseizoen op it eilân. "As it goed is binne wy foar it briedseizoen klear", lit Visser witte. "En oars sille wy oanpassingen dwaan moatte oan de planning fan it wurk."

De sânsuppleesjes begjinne yn maart op it noardwestpunt fan it eilân. Dêr wurdt it sân direkt op it strân brocht. Dat duorret sawat acht wiken. Dêrnei wurdt yn it midden fan it eilân sân ticht ûnder de kust brocht.

Top 5

It Amelân sit yn de top fiif fan kustfakken dêr't Rykswettersteat mei in hiel soad sân de natuer in hantsje helpe moat. It wetter yn it seegat tusken It Amelân en Skylge set in soad druk op beide eilannen trochdat sânplaat Bornrif it wetter nei de sydkanten fuortset. Dêr hat de eastkant fan Skylge fan te lijen en it strân oan de Amelanner kant is wol hiel smel oan it wurden.

Gjin gefaar

De kust hat fierders op It Amelân ek in soad te lijen hân fan de hurde wyn. De feiligens is net yn gefaar, want mei de wichtichste wetterkearingen is neat mis.

Jan Visser fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)