Supporters SC Hearrenfean: "Klupleafde kin alles oerwinne"

06 feb 2019 - 00:06

It is begjin febrewaris, mar SC Hearrenfean wie yn jannewaris noch net klear foar in nijjiersresepsje. Troch it wikseljen fan de bestjoershammer fan de hannen fan âld-algemien direkteur Luuc Eisenga nei syn tydlike ferfanger Cees Roozemond rûn in offisjele resepsje fertraging op. Dochs wie der dan tiisdeitejûn lang om let it jierlikse momint om inoar in lokkich en sûn 2019 ta te winskjen.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Fansels gie it dêr net allinnich oer op de resepsje. Supporters, sponsoaren en frijwilligers hienen it benammen oer bestjoerlike en sportive sitewaasje fan de klup. "Wy moatte wer mei ús allen efter de klup stean gean," seit supporter Johannes van der Tuin. "Ik gean der altyd mei in soad moed hinne, en as wy dan wer ferlieze dan sis ik, hè wat spitich."

"De situatie doet wel zeer," seit Marijke Tjeerde. "Wij hebben nog steeds hart voor de club, we hebben altijd weer de hoop dat alles goed komt en ik denk ook dat het goed gaat komen. Har broer Mark Tjeerde follet har oan: "Ik vind Cees Roozemond een goede bestuurder. Hij spreekt goed. Ik denk dat de clubliefde de club overeind houdt."

Nijjiersresepsje SC Hearrenfean

Ferslachjouwer Timo Jepkema seach by de nijjiersresepsje

(Advertinsje)
(Advertinsje)